It is op in sneontemoarn oan 'e ein fan oktober en ik bin in slach om mei ús hûn Boeke. De Singel út, oan it klompehûske ta en wer werom. Ik ha de learzens oan want de boeren binne yn it mais. De kraach heech oplutsen fanwegen it skrouske waar. By de lampepeallen stiet âld papier langjend te wachtsjen om ophelle te wurden. Yn de fierte hear ik it fertroude lûd fan it âlde griene trekkerke. Twa man stean op 'e wein, twa rinne der neist en ien rydt. De mannen ha wakker wille en groetsje fleurich. It binne doarpsmannen, út it júste hout en mei skouders dêr't de hiele mienskip op rêst.
Dizze mannen binne frijwilligers. In bysûnder slach minsk dat belangeleas krewearret foar syn doarp, foar de feriening en foar syn buorlju. Sy binne seldsum mar net allinnich, oaren sette har yn foar in nij haventsje, de doarpstún of sitte yn it doarpsbelang en de oranjeferiening. Minsken fan net eamelje, fan aksje, fan in sjekje op 'e lippe, in termoskanne kofje en in stik koeke mei en los.
Foarby gien oan it sosjale aspekt
Mar it wurk fan de frijwilliger stiet ûnder druk. Ald papier ophelje is net mear fan dizze tiid en moat plak meitsje foar in blauwe kontener omdat it op oare plakken ek al sa is, dat moat harmonisearre wurde fynt men, wa wit besparret it in pear euro. Men giet dêrby lykwols folslein foarby oan it sosjale aspekt. Dêrneist, sa redenearre in wethâlder, binne der ek net sa'n soad frijwilligers mear te krijen...nee fynst it gek? Trochsleine regeljouwing makket it de frijwilligers dreger en dreger, alhielendal as it giet om it organisearjen fan eveneminten. De kop fan in artikel yn de Ljouwerter krante fan 3 novimber sprekt boekdielen: ‘natuuronderzoek moet straks ook bij dorpsfeest'.
Oanlieding foar it stik wie it ferskinen fan in brief fan Deputearre Steaten op 2 novimber dy't nije beliedsregels oankundigen om de ‘Wet natuurbescherming' better hanthave te kinnen. Dêryn falt bygelyks te lêzen, en ik sitearje: ‘Zo dient men bij een kleinschalig evenement, binnen de bebouwde kom, of in het stedelijk groen, met mogelijk effect op soorten, meer dan zes maanden voor het geplande evenement af te stemmen, en o.a. een soorten beschermingstoets te doen.'
Alles moat tichttimmere mei regels
De yntinsje fan bestjoerders is faaks nommel, soargje dat organisaasjes net foar gekke ferrassingen komme te stean troch it yn it foar goed te regeljen. Mar de útwurking sil desastreus wêze. Minsken binne gjin frijwilliger wurden om oeren efter de kompjûter sitte te switten en seis moannen yn it foar in ‘soorten beschermingstoets' oan te leverjen. Minsken dy't in bytsje woartele binne yn de mienskip fiele dit wol oan. Mar guon regelmakkers blykber net.
Dizze trochsleine regeljouwing, betocht nei oanlieding fan ien of twa eksessen en omset yn algemien belied is de deastek foar lytsskalige eveneminten en yn it ferlingde dêrfan foar in libbene plattelânsmienskip. Alle spontaniteit is fuort en betrouwen yn de boarger is der blykber net. Alles moat tichttimmere mei regels, en dêr binne minsken sa stadichoan sêd fan.
Elk lykwicht ûntbrekt hjirby
Noch efkes sa troch en basisskoallebern dy't Sint Maarten rinne wolle moatte in ekologyske riskiko-analyse dwaan foar de fersmoarging dy't har lampionnen feroarsaakje... It kolleezje sprekt fan ‘een balans tussen evenementen en hun omgeving', mar ik sprek fan folslein út de bocht flein, elk lykwicht ûntbrekt neffens my.
It kin en mei net sa wêze dat de Nacht Fan Boazum, it Veenhoop Festival, de Van Aismadagen, doarpsfeesten en al dy oare eveneminten it skier ûnmooglik makke wurdt.
Provinsje foarkom dit. Gean yn petear mei de minsken en de gemeenten. Stel jimme kwetsber op en brûk de kunde fan al ús frijwilligers. It sosjale goud yn ús mienskip dat skewield wurde moat, net de nekke omdraaid.
Aant Jelle Soepboer út Nijewier is riedslid yn Noardeast-Fryslân foar de FNP.