Wa't tinkt dat it hjir om in fragmint út in lânskipsdokumintêre oer it prachtige Noarden giet hat it mis. De boppesteande sin stiet as in ordinêr ferkeappraatsje opnommen yn it op kontroversjele wize ferskynde plan ‘Bouwestenen voor het Deltaplan (19-04-2021).'As wie it de flotte babbel fan in budzjetmakelaar dy't hiel Noard Nederlân yn de útferkeap docht. De sin wurdt ferfolge mei: "De hoge kwaliteit van de leefomgeving in Noordelijk Nederland biedt de mogelijkheid om een extra bijdrage te leveren aan de nationale woningbouwopgave."
Dy ‘extra bijdrage' binne mar leafst 220.000 wenten. Tel dat op by it steande bod fan 100.000 wenten en jo komme út op in totaal oantal te bouwen hûzen fan 320.000!
TRIJEHÛNDERT-TWEINTICH-TÛZEN HÛZEN! Lit dat mar ris yn jo omgean.
Neffens it kontroversjele plan twingt "De druk fan de fysieke leefomgeving" it ús om "het ontwikkelpotentieel van heel Nederland te benutten." Wat men hjir einst mei sizze wol is dat de Rânestêd tsjokfol is en de Noardlike provinsjes iepen steane om dat op te lossen. Sûnder de befolking te rieplachtsjen en alle lagen fan de folksfertsjintwurdiging passearjend wurde dizze Bouwstenen voor het Deltaplan de wrâld yn holpen as in grouwélich pasjintedossier dat mei opset sin op de strjitte kommen is te lizzen... "Eale pasjint Nederlân, jo lije oan in hertynfarkt. Jo Rânestêd is folslein tichtslibbe en driget de rest fan jo lichem oan te taasten. Wy sille jo lykwols net earder behannelje as wannear't de earnstige symptomen ek yn de rest fan jo lichem sichtber en fielber binne. Dit is op dit stuit noch net sa mar ha mar gjin noed, it sit der oan te kommen!"
Mei lokkerkes as ‘betere bereikbaarheid' en ‘een betere sociaaleconomische status' ferkeapje guon oerambisjeuze wethâlders en deputearren krekt dat wat ús yn it Noarden makket ta wa't wy binne, ús rêst en romte! Hold de Fryske paradoks net júst yn dat wy yn it Noarden it lokkichst binne ek al fertsjinje wy gemiddeld wat minder? Is de brede wolfeart yn de ‘perifere regio' net júst folle grutter as dy yn de stêd? Ja fansels, mar ek dêr hat it stik eat skokkends oer te melden, "Nederland is te klein voor perifere regio's." It stiet der letterlik yn.
Noch net sa lang lyn skreau ik dat de Rânestêd fallyt wie, dat fûn men nochal in dryste útspraak doedestiids. Bouwstenen voor het Deltaplan bewiist lykwols myn gelyk troch te skriuwen "in de Randstad komen de grenzen van agglomeratievoordelen in zicht..." Mei oare wurden it is der TE fol! Men hat der gjin foardiel mear fan. En no moat de ynwenner fan de regio lydsum tasjen hoe't it fallite systeem ek syn of har direkte wenomjouwing ynfektearret.
Wat my oanbelanget is it goed dat der yn it Noarden bout wurdt. Mar nei aard, skaal en karakter, en yn it foarste plak foar de minsken dy't dêr al wenje en wrakselje mei de problemen op de wentemerk. En de rest fan de astronomyske wentebou-opjefte? Sille wy dêr it ‘Groene Hart' mar fol mei bouwe?
Welnee, sa'n oprop soe al like ridikúl wêze as it oanbod fan 320.000 wenten fan de ‘Noardlike' bestjoerders. It is tiid om in kar te meitsjen. Trochgean yn in fallyt systeem fan skaalfergrutting en by inoar op biede, of kieze foar in duorsum fuortbestean wêryn't wolwêzen it útgongspunt is en lok op ien stiet.
Aant Jelle Soepboer