NIJS   05-02-2021


Opiny Aant Jelle Soepboer: De Rânestêd is fallyt, de regio lonket

De ballon fan de Rânestêd driget te knappen. Stêden binne grôtfol, huzeprizen himelheech. Stress spilet de minske parten en romte is krap.

Technyk en digitalisearring binne yntusken sa fier dat yn de Rânestêd wenje net mear nedich is om dochs profitearje te kinnen fan de troch de jierren hinne opboude klustering fan kennis, tsjinsten en yndustry. It belang fan ôfstannen is mear as ea marzjinaal wurden.

Histoaryske feroarings yn fêstigingspatroanen wurde faker as iens feroarsake troch bittere needsaak, sa no ek.


Rânestêdlik oerstoart

Men wol mear en mear dêr wenje wêr't de kwaliteit fan libben heech is, fuort fan de stress en de drokte. Dêr wêr't fysike, mentale mar wis ek ekonomyske romte is en fansels dêr wêr't it ‘betelber' is. Sa begjint, ûnder oanfiering fan tv-programma's as Voor hetzelfde geld de eksodus.

De Rânestêd is fallyt, de regio lonket. De ûntwikkelingen om de koroanakrisis hinne ha dat allinnich mar fuortsterke. Mar sit de regio der einst wol op te wachtsjen om neist wingewest no ek it Rânestêdlik oerstoart te wurden?

 

In stoarm fan krityk op in reklamekampanje fan de ‘Achterhoek Ambassadeurs' om minsken út de Rânestêd nei de Achterhoek te heljen, makket pynlik dúdlik dat dit net oeral it gefal is.

 

Sjonger Danny Vera seit yn in ynterview dat Seelân ,,helemaal kut'' is, ,,om ervoor te zorgen dat niet meer mensen hierheen komen.'' Komponist Daniël Lohues út it Drintske Emmen seit mei in knypeach om syn regio as in ûnoantreklik plak del te setten: ,,Het is heus geen pretje om dorpeling te zijn. Er gebeurt hier niks verder. Ja, soms vliegt er een vogel voorbij. Maar die hebben vaak maar één vleugel omdat ze door een 150 meter hoge windmolen zijn gevlogen.''

 

In positive side

Ik begryp de reaksjes út de Achterhoek, fan Vera en fan Lohues wol. Itselde lûd hear ik hjir yn Fryslân, en mei reden. Mei troch de groeiende tastream fan ‘westerlingen' sit de wentemerk folslein op slot, foar jongerein en âlderein út de doarpen binne de opsjes sa goed as nihyl. Prizen rize ta de panne út en men moat opbiede tsjin tsjokke beurzen fol mei de healwize oerwearde fan resint yn Amsterdam ferkocht fêstgoed.

 

Gelokkich kin der ek in positive side sitte oan de tastream fan Rânestêdelingen, mits beliedsmakkers hjir no adekwaat nei hannelje. Demografyske prognoazen yn de saneamde krimpgebieten reitsje troch de resinte ûntwikkelings efterhelle en moatte op 'e skep. Al jierren wurdt wentebou yn dizze gebieten tsjinholden.

 

Genôch plak

Hâld it plattelân leefber en betelber troch de wente-opjefte te sprieden en net te konsintrearjen. Wêrom allinnich bouwe yn Ljouwert, Grins, Drachten en Swol? Wêrom net yn ien fan dy talleaze doarpen dy't op slot sitte? Smar it merkmeganisme mei de goeie oalje. Soargje foar genôch plak foar de lokale befolking én foar de minsken dy't klear binne mei de grutte stêd.

 

Ek foar myn regio, Noardeast-Fryslân, wurdt al tsien jier lang krimp foarsein. Yntusken stiet der net in hûs mear te keap en groeie de wachtrigen foar sosjale hier, wylst de korporaasjes krekt yn harren foarried snije.

 

Faaks wurde de minsken út de stêd wol part fan de takomst fan it plattelân en soargje hja der op termyn mei foar dat de doarpen genôch bewenne wurde en dat it foarsjenningspeil gelyk bliuwt of sels stadichoan ferbettert. Basisskoallen hoege dan ris net te sluten mar wurde faaks iepene.

 

Hertsjes yn it latte-skom

Koartom skûlje der yn dit opinystik trije advizen. Bewenners út de regio, wês net benaud foar de nijkommers, sjoch harren as kâns en meitsje der it bêste fan, mar bliuw jim eigen wize fan libjen trou. Ik rop jimme op om fêst te hâlden oan jimme noarmen en wearden, oan jimme kultuer en boppe-al oan jimme taal. Meitsje jo nije buorren dêr dielgenoat fan.

 

Bewenners út de Rânestêd, wês wolkom, mar betink dat hjir wenje wat oars is dan wat jo oant no ta wend wiene. Wenje yn de regio freget oanpassingsfermogen, gjin hâlding fan morele superieuriteit.

 

Wy ha hjir gjin hertsjes yn it skom fan ús latte macchiato, wy drinke in swart bakje by de buorlju. Wy ha hjir ús eigen taal of dialekt en wy soene it moai fine as jo de muoite nimme soene om te learen it te ferstean of sels te sprekken. En o ja, der wurdt hjir mei karbyd sjitten en op crossbrommers jakkere, dus echt in rêstparadys is it hjir net perfoarst.

 

In kâns jaan

Ta einbeslút ús beliedsmakkers, bestjoerders en lokale en regionale oerheden. Jou de minsken út de Rânestêd in kâns om te yntegrearjen troch harren te sprieden en sa dielgenoat te meitsjen fan de lokale en regionale wize fan libjen. Kom gentrifikaasje en ‘Rânestêdtifisearring' fan de regio foar, want de Rânestêd is fallyt.

 

Hâld op mei tropjen yn sabearedoarpen en foarstêden mar jou de echte doarpen de romte dy't sy nedich ha om te bouwen nei aard, skaal en karakter.

 

Jou mei inoar de regio, wêr't de streektaal noch klinkt, it dialekt tsjok is en it wurd mienskip noch betsjutting hat, de takomst dy't sy fertsjinnet.

 

Aant Jelle Soepboer is histoarikus, geograaf en politikus foar de FNP. Yn it deistich libben wurket hy as ûnderwiisadviseur foar Cedin. Dit stik is op 4 febrewaris 2021 ek yn de Ljouwerter Krante  ferskynd.



Tags: Thus yn Fryslan, Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer