NIJS   17-10-2020


Bou nije wennings yn elk doarp

Der is op it stuit in ûntwikkeling geande dy’t gjin prognoase foarsjoen hie. No noch op in beskieden skaal, is der in trek fan minsken út oare plakken fan it lân geande. Troch koroana en it thúswurkjen yn kombinaasje mei de romte, rêst en ús wize fan libjen, binne der mear minsken dy’t it oansprekt om yn Fryslân wenjen te gean.

Neffens de lêste sifers fan ‘e makelders fan de NVM docht bliken dat yn Fryslân de huzeprizen tsjinoer ferline jier tusken 11-20% omheech flein binne, it oantal ferkochte huzen mei 6-20% en dat op dit stuit 8% fan de wennings ferkocht wurdt oan minsken út it westen. Ek in saneamde krimpregio as noardeast Fryslân dy’t jierrenlang de put yn praat is, lit plussen fan 17% (priis) en 19% (oantal) sjen. It noflike wenjen yn Fryslân en oare regio’s is ûntdutsen en dêr moat op ynsprongen wurde.


Gentrifikaasje fan it plattelân
De effekten dy't dit mei him meibringt binne ek yn Fryslân in grutte stiging fan de gemiddelde priis fan in hûs en konkurrinsje op de huzemerk mei minsken mei in faaks krekt wat gruttere beurs. Foar de gemiddelde ynwenner wurdt it sa stadich oan dreger om noch in knappe wenning te bemachtigjen. As der net gau antisipearre wurdt op dizze ûntwikkeling sille dizze effekten op koarte termyn noch fierder tanimme, mei as reëel risiko de gentrifikaasje fan it plattelân. De oarspronklike befolking wurdt dan fuorttreaun.

 

De rop fan guon partijen om stikken fan ús provinsje oan te wizen as ‘agglomeratiegebieden' is in grutte bedriging. In partij as Forum voor Democratie sprekt út dat it 100.000 wennings taheakje wol, en it súdeasten fan Fryslân grutskalich ferbouwe wol.  Taal, kultuer mar ek de identiteit fan de provinsje wurdt op dy wize ferskuord troch grutte konsintraasjes fan nije ynwenners. Boppedat binne grutte nije sabeare doarpen yn it fjild in grouwelige oantaasting fan it lânskip. Ferskite wy op dizze wize net dat wat ús postityf ûnderskiedt?

Iepen mienskip
De falkûle by dizze ûnwikkelings is om yn de kramp te sjitten. It sentimint ‘Wy wolle dy minsken hjir net‘ is dan ek in folslein dea spoar. De ûntwikkeling is geande. Troch hjir net tûk mei om te gean, blaze wy de wenningmerk yn Fryslân folslein op, sille de prizen noch fierder omheech gean en sil ús ynwenners noch dreger in wenning fine. It wurd tiid om de ûntwikkelings posityf yn te setten. Fryslân is in iepen mienskip, ek yn 2020. 

Fasilitearje wenningbou yn alle doarpen
Ferdiele oer Fryslân! De kwaliteiten rêst en romte binne einliks yn de hiele provinsje heech. Boppedat binne der hast gjin ôfstannen mear. Mei de komst fan de Heak om Ljouwert en de Sintrale As is de Fryske ynfrastruktuer mear as goed op oarder. Fan noardeast- oant súdwest-Fryslân. As wy de meast aktuele prognoases derby pakke, binne der yn Fryslân de kommende 10 jier 10.150 wennings ekstra nedich. As dy ûntwikkeling trochset, is dat in absolút minimum. Mei it fuortfallen fan'e wenningkontinginten binnen gemeenten tsjintwurdich mear as ea oan set.

 

Gemeenten pak jim rol! Fasilitearje wenningbou yn alle doarpen nei aard, skaal en karakter. Lûk nije fitale minsken oan, fersterkje dêrmei it ferieningslibben, de skoalle yn it doarp en dêrmei de leefberens. Jou de nije minsken de romte mar bring se ek ús wize fan libjen by. Yn Berltsum bouwe jo ien kear yn de trije jier in fersierde wein mei it doarpsfeest. Fuotbalje jo soan en dochter by VVI dan draaie jo in bartsjinst yn Jiskenhuzen. Wy rinne net de doar by elkoar plat, mar as der wat is dan helpe wy mekoar. Gun de minsken ús wize fan libjen.

Oerheden yn Fryslân sille, oars as yn it ferline, hurd oan it wurk moatte mei dizze útdagings. Antisipearje op de ûntwikkeling en tûk mei de trends omgean. Bou nije wennings yn elk doarp!



Tags: bloch, libje yn fryslan, wenje yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2020 FNP Fryslân - Disclaimer