NIJS   20-12-2018


[Bloch] Klaas Fokkinga: Feroaring fan enerzjyoanbod kin best ek oars

Jo hoege gjin klimaatfanatikus, -skeptikus of -hater te wêzen om ynvestearje te wollen yn duorsumens. Mar doch it wol sa effektyf mooglik en mei noed foar ús leefomjouwing.

De tiid is dy fan stiging fan enerzjyprizen, de rekken dellizze by de gewoane man, klimaatferoarings en plannen oer alternative opwekking fan enerzjy.




"Hâld de tsjerketoer yn't midden" (Bloch fan Klaas Fokkinga)

Giele heskes

It is in tiid fan de “Giele Heskes”. Yn Frankryk in reaksje op it paradoks dat de elite har soargen makket om it ein fan de wrâld wylst oaren krekt (net) de moanne trochkomme kinne. Ek tichtby begjint it te woarteljen. Ek hjir geane de enerzjyprizen stiif omheech, neist bygelyks de BTW, soarchkosten, enfh. En dat wylst de lanlike VVD en CDA tsjin in útstel stimd hawwe om de enerzjybelesting foar de lytsferbrûker te ferleegjen en foar grutferbrûkers te ferheegjen. Mar wol prate wolle oer ‘draagvlakverbreding voor de energietransitie’. Tsja, hoe hypokryt kinne jo wêze?    

 

Klimaatferoarings binne fan alle tiden. Sjoch nei de grûnsoarten en -lagen en jo witte dat it klimaat (hûnderd) tûzenen jierren lyn gâns oars wie as no. Wittenskippers jouwe oan dat de ierde (wer) opwaarmd mei troch it dwaan en litten fan de minsk. Ik kin dêr yn grutte linen wol yn meigean. It is goed om jo bewust te wêzen fan jo leefomjouwing. Foar my is it lânskip, de natuer yn syn hiele hear en fear de kearnkwaliteit fan Fryslân en foar ús mienskip. Dat moatte wy bewarje en dêr meie wy fan genietsje en profitearje. It is it plak wêr we wenje, iten ferbouwe en wêr (wylde) planten en dieren libje. Meielkoar binne we eigner fan it lânskip.

  

Der moat mear barre

Oan de oare kant sille jo dochs wat dwaan moatte mei ‘it klimaat’. Persoanlik bin ik dwaande mei enerzjybesparring troch myn hûs better te isolearjen en by ferfanging fan apparatuer súniger modellen oan te skaffen. Yn de rin fan de tiid sil der mear barre mar ik moat de oanpassings wol goed ôfwaagje tsjin oare saken; it kin net allegear yn ien kear. 

 

Net ten koste fan it lânskip

Dit jildt ek foar de polityk: de ynhâldlike opjeften lykweardich ôfwaagje en net de maatregels foar de enerzjytransysje en/of de klimaatadaptaasje mei faasje trochdrukke ten koste fan oare wichtige saken sa as eltse moanne gewoan rûn komme kinne (de hesjes). Fergriening fan ús ekonomy mei net ynhâlde dat oaren kopke ûnder gean. En wat ik sels wichtich fyn, ek net ten koste fan de romtlike kwaliteit en it lânskip c.q. ús  leefomjouwing.Troch de oerheid wurdt noch hieltyd it gefoel ûnder boargers oproppen dat allinnich tocht wurdt oan wyn (op lân) en sinne-enerzjy lardearre mei in bytsje bio-enerzjy en in fleuchje geotermy.

 

Alternatieven 

Mar it kin oars! De risseltaten fan in FNP-ûndersyk yn de mande mei de European Free Alliance jouwe oan dat it foar Fryslân goed mooglik is om yn 2050 folslein fossylfrij wêze te kinnen. En dat sûnder in groumoalige  oantaasting fan ús lânskip! Dit is basearre op eigen (Frysk) enerzjyferbrûk en ek op ynnovative ûntjouwings en mooglikheden fan alle mooglike enerzjyboarnen en opslachmetoaden. 

 

Te tinken falt oan:

  • Mear ambysje en tempo oangeande geotermy,
  • De potinsje fan enerzjywinning út opperflaktewetter,
  • Sinne-enerzjy op dakken en yn greiden mar dan wol troch doarpen te fasilitearjen en foarrang te jaan op projektûntwikkelders.
  • Wyn-op-see; it giet der dan net om dat wy as Fryslân in eigen park bouwe, mar dat we ús oandiel yn de oanleine parken opeaskje.
  • Ynsette fan biomassa. It moat dan al sirkulêr wêze en yn ús lânskip ynpast wurde. Dat freget fisy en in goede biomassabalâns.

 

Fryslân kin him skoan rêde: eksperimentearre

We sjogge no al dat der eksperimintearre wurdt mei bygelyks eigen tylt einekroas yn stee fan ymportearre soaja. Mar we hawwe hjir ek romte foar it telen fan oare enerzjygewaaksen. Mei sokke modellen komme we fierder. Of gewoan tichtby hús troch te besparjen op enerzjyferbrûk. Der binne foldwaande alternativen foar hannen. Fryslân kin him skoan rêde mar it giet mis as we tinke dat we hjir ek de problemen fan de Rânestêd oplosse moatte, krekt sa't Grinslân dat dien hat mei it gas.



Tags: Bloch

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer