NIJS   06-02-2020


[Bloch] Sijbe Knol: "Definsje wegeret bom te ûntmanteljen"

It ministearje fan Definsje hat sjen litten dat it by steat om grutte wjerstân op te roppen en foar in soad ûnrêst yn de regio te soargjen. Nei it debakel mei de marinierskazerne yn Vlissingen, wienen in wike letter al de noardlike en eastlike provinsjes fan Nederlân oan bar.

"Definsje wegeret bom te ûntmanteljen" (Sijbe Knol)

Fleane op 75 meter
Sûnder de provinsjes en gemeenten te ynformearjen, ferstoppe Definsje it foarnimmen om de leechfleanrûte op ‘e nij yn gebrûk te nimmen yn in tsjokke nota oer de feroaring fan it gebrûk fan it loftrom. Dêrmei kinne strieljagers op in hichte fan mar 75 meter oer doarpen en natuergebieten yn noard en east Nederlân raze. Yn 2002 is de rûte bûten gebrûk naam om't dy in soad oerlêst en gefaarlike situaasjes oplevere. Omdat dy beswieren noch hieltyd jilde, hienen de provinsjes Fryslân, Drinte en Oerisel fersocht om de rûte definityf te skrassen.

 

Panyk op ministearje
Fansels soarge it foarnimmen fan Definsje foar in soad ophef. Sjoernalisten stelden fragen oan Definsje, politisy kamen yn ferset en ynwenners kamen yn aksje. Fan de kant fan Definsje bleau it lang stil; pas acht dagen letter kaam de parsefoarljochter fan it ministearje mei in reaksje. Syn antwurden wienen net hiel dúdlik, en de tsjutting yn de media wie ferskillend. Noch hieltyd wachtsje sjoernalisten dy't ferfolchfragen stelt hawwe op antwurd.

 

Aksje yn de Twadde Keamer
Dat wie genôch reden foar steateleden om tiisdei nei De Haach ôf te reizgjen om by it debat mei steatssekretaris Visser te wêzen en tegearre mei kollega's yn de Twadde Keamer derop oan te trunen dat de leechfleanrûte definityf skrast wurdt.

De steatssekretaris krige algeduerich briefkes oanrikke troch fjouwer kolonels, dy't muoite hienen om rjochtop te sitten fanwege it gewicht fan de medailles op it boarst. Steatssekretaris Visser sei dat sy de kâns lyts achtet dat de leachfleanrûte yn gebrûk naam wurdt. Keamerleden Karabulut (SP) en Kerstens (PvdA) kundigen in moasje oan om de rûte te skrassen en de regio net langer yn ûnwissigens te litten, en dêrmei oan de oprop út de provinsjes wei te foldwaan.

  

Unwissigens bliuwt
De wichtichste opmerking fan de steatssekretaris kaam lykwols nei it debat sels. Opheffing is wat oars as de rûte nó net yn gebrûk nimme, sei frou Visser. Sy wol de rûte net definityf skrasse en wannear't de loftmacht oanjout de rûte dochs wer brûke te wollen, sil sy dêr serieus nei sjen. De eksplosive situaasje bliuwt dus bestean, de bom wurdt net ûntmantele. En sa kin, nei Seelân, de bom yn noard en east Nederlân letter dochs noch ûntploffe, sadree de loftmacht op ‘e nij leechfleane wol.

 

 



Tags: Wenje yn Fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer