Oktober 2019 sil de skiednisboekenyn gean as de moanne dêr't de regio's yn opstean. In omkear yn tinken. Wêr'tprovinsjes rjocht dogge oan wat der werklik libbet ûnder de minsken. Ommers,neidat Fryslân harren hantekening ferline wike freed weromluts ûnder inIPO-diktaat, folgen op moandei Drinte, Gelderlân en Oerisel.
Dat it Fryske kolleezjeharket nei lûden yn de mienskip is neffens ús de normale gong fan saken. En datfoarmet, spitich genôch, in skerp kontrast mei it hanneljen fan it hjoeddeistigeregear. Lit ús direkt dúdlik wêze: in oare oanpak is nedich. In Fryske oanpak.
Wy begripe de ergernis byde boeren, wy begripe dat sy har dupearre fiele. En wy binne ek wiis mei itbeslút fan it kolleezje om freed dit spul werom te draaien. En wy sjogge datdizze revolúsje yn it tinken yn Fryslân begong!
Ympasse
Mar wy binne der nochnet. Sterker noch, wy binne net in stap fierder. Ek oare sektoaren ha bot telijen fan it gebrek oan bestjoerlike krêft en de ellinde út De Haach wei. DeFNP is ferline wike benadere troch in ferskaat oan ûndernimmers út de bou.Guont ha al skea oprinnend yn de tonnen. Dan binne der ek noch in groep boerendy't al tiden wachtsje op in fergunning. Ek dy minsken ha bot te lijen en sitteyn ûnsekerheid.
In eigen oanpak foar destikstof-problematyk hâldt net allinnich yn dat wy mei draachflak en mei-inoarta oplossings komme, mar ek troch solidêr te wêzen mei oare sektoaren as deagraryske. Wy begripe dat in part fan de boeren harren foarige wike op itprovinsjehûs melden hat. Troch de deputearre is in moedich beslút nommen trochyn oerlis te gean. Lykwols, der sille maatregels komme moatte. Maatregels dy'ttroch in gebrek oan bestjoerlike krêft yn De Haach elkenien sear dwaan sille, ende tiid dringt.
Minister Schouten sei nomoandei dat ‘de provincies zelf mogen weten welke vergunningen zij uitgegeven.'En freed joech fise-premier Hugo de Jonge yn it wykliks parsepraatsje oan dat der ergernis wie en dat de regearing: ‘deprovincies aan de afspraken zal houden.' Twa útspraken út ien kabinet dy'tbeide wat oars sizze. Dan is it net sa nuver dat der rûs ûntstiet.
Ferantwurdlikheid nimme
Koartsein hawwe wy no ingrut probleem trochdat De Haach der te lang mei omdangele hat. Je soene deferantwurdlike partijen, de partijen yn De Haach, de fertsjintwurdigers fan deferskate sektoaren hast yn in keamer opslute mei 5 bôlen en 10 liter wetter ense der krekt sa lang sitte litte oant se derút binne.
It soe de partijen yn DeHaach siere om fuort en daliks te stopjen mei al it populistysk praat enferhurde stânpunten en kom der mei elkoar út. Want in feit is dat alles stilstiet. De Rânestêd diktearret, sprekt inoar tsjin en kreëaret gaos, nimt gjinferantwurdlikens en de regio mei it oprêde.
Minister fan Steat TjeenkWillink hie ferline jier in treffende analyze. Hy sei: ‘Door het ontbreken van debat grijpt de politiek vaak te laat in.Daardoor voelen burgers zich overvallen.' ‘Er worden drastische maatregelenopgelegd, en van burgers wordt verwacht dat ze begrijpen dat die nodig zijn.Hoezo? De essentie van politiek is ook dat je ontwikkelingen tijdig signaleert.Politiek heeft de plicht vooruit te denken en burgers te betrekken bij hunbesluiten. Dat is niet gebeurd. Kijk naar de discussie over klimaatverandering.Politici wachten tot de klimaattafels met plannen komen en legitimeren dieachteraf politiek.'
As wichtige ûnderwerpen,lykas de stikstof-problematyk, mei in ticht-timmere regearings-ôfspraak trochin lyts klupke minsken dikteare wurde en der gjin publyk debat of oerlis is meide minsken dy't der mei te dwaan hawwe, is dat de basis foar tanimmende ûnfredeyn de regio.
De Fryske oanpak
Foar ús is dúdlik dat dizzeoktobermoanne ús opropt om in oare oanpak te kiezen. Dat wy it mei elkoar dwaanmoatte. Solidêr, mei draachflak komme ta oplossings. De Fryske oanpak.
Net lykas fanút it IPO ende minister tekenje by it krúske, mar mei elkoar yn petear, mei elkoar deferantwurdlikens pakke en mei elkoar skikke. Lústerje nei elkoars ynbring enbelangen en net lâns mekoar hinne prate. Fertrouwen en lykweardigens binnehjiryn wichtich.
Wy binne bliid dat dizze omkearyn it tinken hjir yn Fryslân foarige wike yn gong setten is. Jou ús de romte,wy pakke ús libben op eigen wize oan, sûnder diktaten, mar mei elkoar.
Wopke Veenstra, wurdfierder Lânbou en Sijbe Knol, wurdfierder Leefberens, wenjen en romte