De lânbousektor hat trochde jierren in protte regeljouwing oer him hinne krigen en in soad jildynvestearre om dêr oan te foldwaan troch oanpassing fan de bedriuwsfiering ofnije techniken. It PAS-debakel lit no sjen dat it yn syn gehiel noch net genôchwie om ús natuer te beskermjen.
It is hurd foar de boerendat de kommisje Remkes as earste maatregel advisearret om boeren út te keapjen.Oare sektoaren komme pas letter oan de oarder. Mar it feit dat it stikstofprobleemfoaral yn de direkte omjouwing fan natuergebieten spilet en dêr ek oplost wurdemoat, jout ús yn Fryslân ek kânsen.
Hieltyd mear minskenhawwe noed en soargen oer it lânskip. De kwaliteit fan it lânskip is net los tetinken fan noflik wenjen en wurkjen yn Fryslân. De Fryske boeren kinne hjir intige wichtige rol yn spylje. De provinsje kin de rezjy nimme yn de oanpak fande stikstof. Sa kin bygelyks de stikstofromte dy't frijkomt fan boeren dy'tsels al ophâlde wolle of ophâlde moatte omdat se ticht by gefoelige gebietenbuorkje, binnen Fryslân takend wurde oan boeren dy't ferduorsumje wolle.Fansels heart dêr dan in goede skeafergoeding by, of help by it ferhúzjen fanit bedriuw nei in better plak.
De Fryske lânbou hat yn‘e wrâld altyd foarop rûn. Mar de gongbere lânbou komt sa stadichoan op in deaspoar. Dat is wêrom't de FNP nei in grûnbûne lânbou ta wol, mei sa min mooglikkeunstdong. Wy wolle in ekologysk en ekonomysk duorsum model, better foar denatuer en foar de boeren. De boeren moatte oan alle einen en kanten holpen wurdeby de omskeakeling, want it moat mei de mienskip dien wurde.