Yn dizze podcast siket Corlienke de Jong nei oplossings foar it grutte tekoart oan faklju. Sy praat mei fakbûnsman Marco Hietkamp fan CNV Vakmensen, Dennis Carton fan Ynbusiness en mei in echte fakman: Gerard Ypenga fan Harns. Nei oanlieding fan de podcast makke De Jong in plan foar in provinsjaal fakwurk-loket. Dat plan lêze jo yn dizze bloch: Corlienke de Jong: “Provinsje moat heft yn hanne nimme”.
Presintaasje: Jan Arendz
Produksje: Alec Meijerink