NIJS   19-03-2019


[FNPodcast] #5 - Faklju

De podcast fan de FNP heakket yn op maatskiplike en politike tema's. In noflik petear ûnder it autoriden, yn dyn pauze of gewoan op bêd!

"Lytse mkb’er helpe oan fakminsken" (Corlienke de Jong)

Seizoen 2019, ôflevering 5

Yn dizze podcast siket Corlienke de Jong nei oplossings foar it grutte tekoart oan faklju. Sy praat mei fakbûnsman Marco Hietkamp fan CNV Vakmensen, Dennis Carton fan Ynbusiness en mei in echte fakman: Gerard Ypenga fan Harns. Nei oanlieding fan de podcast makke De Jong in plan foar in provinsjaal fakwurk-loket. Dat plan lêze jo yn dizze bloch: Corlienke de Jong: “Provinsje moat heft yn hanne nimme”.

 

Presintaasje: Jan Arendz
Produksje: Alec Meijerink 





Tags: faklju, podcast

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer