NIJS   19-03-2019


[Bloch] Corlienke de Jong: "Grut ferlet fan faklju"

Oerheden, ûnderwiis en bedriuwslibben jouwe tsientallen miljoenen út foar mear fakminsken. Dochs is der lânlik noch in tekoart fan 50.000 wurknimmers. Ynstânsjes wurkje noch gauris byinoar del. Omdat it MKB de siel is fan de Fryske ekonomy, moat de provinsje it heft yn hannen nimme.

"Provinsje moat heft yn hannen nimme" (Corlienke de Jong)

Imagoprobleem

Healwei jannewaris ha wy op in gearkomst mei faklju yn ambachtsdoarp De Jouwer de problemen besprutsen. It waard dúdlik dat oplossings net maklik te finen binne. Sprekkers seine dat hânwurk in imagoprobleem hat. Alders wolle leaver dat harren bern trochleare. Boppedat binne moaie ambachten net mear sichtber yn de mienskip. Yn Fryslân wurdearret de oerheid ynternasjonale (hannels-)projekten en nije ynnovaasjes foar grutte bedriuwen.

 

Dit docht sear. Ús provinsje hat him nei de oarloch oprjochte troch hurd wurkjende minsken mei wurk dat der ta die en der noch ta docht. Net foar neat wurde ‘Fryske hannen’ sa goed wurdearre. Wa kin net in fakman as –frou dy’t ek bûten de provinsje wurk hat?

 

Ambachtswurk en MBO foarmje Fryslân

Dêrom hat de FNP nûd dat dizze beroppen ferdwine, en dêrmei de lytse skaal en de motivearre minsken dy’t goede produkten meitsje. It ambachtswurk en it MBO foarmje Fryslân. De doarpen en wiken bliuwe leefber mei faklju as foarbyld foar nije generaasjes en foarmje faak it klopjende hert fan it lokale ferieningslibben.

 

Mar hoe komme wy oan mear faklju? Saakundigen út it fjild sizze dat der in soad bart, mar dat der ûnfoldwaande koördinaasje is. En dat elts fjochtet foar syn eigen gemeente, skoalle of bedriuwstak. Foarbylden fan wat der al bart:
- It kabinet stelde €100 miljoen beskikber foar technykûnderwiis yn it MBO.
- Troch it ‘Techniekpact’ moatte ûnderwiis en bedriuwslibben better op inoar oansluten wurde.
- It ‘Platform talent voor techniek’ is betocht om learlingen fan basisskoallen oant vwo te ynteressearjen foar technyk.
- Mei it ‘MBO-convenant’ wurdt socht om benammen ystallateurs foar de enerzytransysje.
- En ús provinsje rjochtte de F-top op, mei arbeidsmerk-coaches dy’t fakatueres en wurksykjenden byinoar bringe.

 

Fakwurk-loket

Allegear goeie inysjativen, mar der bliuwe kânsen en jild lizzen. Us provinsje moat yn dit gat springe. As samler fan alle ynformaasje, as koördinator, ferbiner en as oanjager. Soargje dat it jild op it goede plak ynset wurdt. Litte wy dit it fakwurk-loket neame.

 

Benammen lytse bedriuwen en zzp’ers ha ferlet fan stipe. Dy ha gjin jild en tiid om personiel te sykjen of om se te lokjen mei in nije scooter of laptop. It fakwurk-loket kin bedriuwsbesites organisearje of bygelyks ‘speeddates’. De FNP hat jild oer foar in ‘match’ tusken bedriuwen en fakminsken út ’e streek.

 

Sertifikaten foar fakmanskip

Dêrnjonken moatte wy mear fakminsken opliede en op ’e arbeidsmerk bringe. Foar learlingen dy’t de teoretyske fakken net op nifo 2 helje kinne, soene der sertifikaten foar fakmanskip komme moatte. Sadat dizze groep sûnder diploma dochs op ’e arbeidsmerk komt.

 

Nije Nederlâners en oare ‘zij-instromers’ kinne oplaad wurde yn de technyk. In soad gemeenten stekke hjir no gjin jild yn, omdat der foar minsken boppe de 30 jier gjin stúdzjefinansiering is. Ek yn de Participatiewet en by it UWV lizze dus kânsen. Ek dit kin de provinsje oppakke.

 

Ik giet der neffens my om dat wy de eagen iepenje. Foar gearwurking en ferbining, mar ek om it ambachten mear sichtber te meitsjen, om bern nije útdagings te jaan, as stap nei mear wurdearring en mear personiel.

 

Corlienke de Jong,
foarsitter Steatefraksje FNP



Tags: bloch, faklju

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer