NIJS   10-03-2019


[Bloch] Bram Bonnema: "Wetter beet hâlde moat it nije tinken wurde"

It Fochtelerfean yn Eaststellingwerf lekt en dat is in slimme saak. It prachtige heechfeangebiet is unyk yn West-Europa en foarmet it thús fan bisten lykas de kraan en bosktsjirk, mar ek fan slangen sa as njirre, ringslange en glêde slange.
It heechfean drûget lykwols rap op fanwege de waarme en drûge simmer fan 2018.Derneist rint it wetter fuort fanwege in poreuze wetterkearing. Kwetsbere planten en bisten komme yn de knel en, sa warskôgje saakkundingen, net allinnich it kultuer-histoarysk lânskip ferdwynt, der komt ek in bulte C02 by frij. Dit moatte jo allegearre net wolle.




"It fêsthâlden fan wetter is it nije tinken" (Bloch fan Bram Bonnema oer it Wetterskip)

Klimaatferoaring bringt ek drûgte
By in te leech wetterpeil wurde de houten wetterkearingen sichtber. Marjan Dunning fan Natuurmonumenten skuorde mei har hannen de houten en fermôge damwanden samar stikken foar de draaiende kamera’s fan Omrop Fryslân  en 1Vandaag . It natuergebiet hat wetter nedich. De ôfrûne jierren hat it Wetterskip Fryslân har dwaande hâlden mei grûn en romte om (rein)wetter by klimaatbuien op te fullen. It gie der hjirby om dat minsken drûge fuotten hâlde. Dizze retinsjegebieten binne it antwurd op in feroarjend klimaat en by mooglik tropyske buien. Dit is wichtich, yn Fryslân wenje wy ûnder NAP en feiligens is in grut guod. Dochs bringt klimaatferoaring ús ek waarmere en drûgere perioades, dizze febrewarismoanne lit dat sjen. Ús wetterbestjoerders soene sadwaande ek it opfangen en beethâlden fan wetter ta in prioriteit meitsjen moatte. Benammen ek yn de gebieten rûn kwetsbere natuer, lykas yn Eaststellingwerf by De Fochtel.

Opsparre wetter
Mar der binne mear redenen. Ek oan de waadkust witte wy dat mei in stiigjende seespegel mear sâlt wetter de Fryske boezem ynkomt. Swiet wetter dat lokaal opfongen en bewarre is, kin dy (ûndergrûnse) druk werstean. Boeren kinne gebrûk meitsje fan de opslach fan swiet wetter yn in drûge perioade. En dat hoecht lang net altyd natuergrûn te wêzen.
In oar aspekt is dat grûnwetter wolris brûkt wurdt yn in drûge tiid. Mar dat wetter is yn earste ynstânsje foar de boarger, hjir krijt (begrypliker wize) de minsk foarrang op natuer. Troch ‘opsparre wetter’ efter de hân te hawwen, hâldst as Fryslân net allinnich de natuer en it lânskip yn stân, it hat ek praktyske arguminten.
 
Opfange, opslaan en bewarje
De folchoarder tidens wiete perioades soe dan wêze moatte: opfange, opslaan en bewarje. Foar it opfangen en opslaan fan wetter is it wol belangryk dat it lânskip dit kin. Wy sjogge ek dat de lêste 10-15 jier in soad oarspronklik lânskip fuort is, greppels en sleatten wurde dimpt, wylst it foar de wetterhúshâlding needsaaklik is dat wetter goed beethâlden wurde kin. In foarbyld is de ûntwikkeling fan grienblauwe sônes, plakken wêr’t tolve moannen fan it jier wetter oanwêzich is.Plannen by Ljouwert en Donkerbroek litte sjen dat Fryslân ek op dit mêd foarrop rint by dizze útdagings. 
 
Foar it behâld fan it Fochtelerfean is it heech tiid om wetter fêst te hâlden. Foar de wetterbestjoerders is it tiid om ek fan it bewarjen fan wetter in spearpunt te meitsjen.


[Bloch] Bram Bonnema:



Tags: Bloch, Wetter

MEAR OER DIT ÛNDERWERP




2023 FNP Fryslân - Disclaimer