NIJS   05-03-2019


[Bloch] Rein van der Wal: "It trajekt Harns-Grins oanheakje op de Wunderline"

Elkenien hat wol ris winsken of dreamen. Dat jildt ek foar politisy. As steatelid ha je sels dan ek noch it foardiel dat je soms ynfloed hawwe kinne of wurkje kinne om je winsken út komme te litten. Ek ik dream en of fantasearje dus wol ris om myn winsken út komme te litten. Ik sil in foarbyld jaan.



"Harns - Hamburg 'de dreamline'" (Bloch fan Rein van der Wal)

Ik wenje yn de gemeente Achtkarspelen net safier fan Bûtenpost. It liket my moai om ris betiid op in moarn mei myn frou op de trein te stappen en dan in pear oerkes letter út de trein te stappen yn Bremen of miskien wol Hamburch. Om dêr in dei rûn te sjen yn de stêd of te winkeljen. Koartsein om dêr de toerist út te hingjen. En dan oan de ein fan de dei de trein werom te pakken en dochs noch op in gaadlike tiid wer thús te wêzen dyselde dei.
 
Streekrjocht tusken stêden beide Fryslannen
Dat kin allinnich mar as de trein yn in koartere reistiid nei Noard-Dútslân rydt en werom. In sneltrein dy noch mar op in pear plakken stoppet yn Fryslân (Harns, Ljouwert en Bûtenpost bygelyks) en op de rest fan it trajekt. Dêrom hat de steatefraksje fan de FNP al yn it jier 2012 in moasje yntsjinne yn de Steaten  fan Fryslân om de treinferbining Harns-Hamburch te ferbetterjen en trochgeand te meitsjen. Dus gjin trein mear allinnich fan Ljouwert nei Grins ta en dan werom ride. Nee in trein fan ôf Harns trochride te litten oan Hamburch ta vice versa. Op dit stuit binne der al plannen om de spoarline Grins-Bremen flink te ferbetterjen en flugger te meitsjen. Dy trein rydt dan streekrjocht tusken dy stêden. Dit plan en trajekt neame se al de “Wunderline”. 

Ferbyn de Fryslannen
Dan kinne studinten fluch hin en wer reizgje tusken de ferskillende stêden (tink oan Kampus Ljouwert bygelyks). Dat jildt ek foar toeristen út Noard-Dútslân wei dy’t Fryslân (of de Fryske eilannen Flylân of Skylge) besykje wolle of Fryske toeristen dy’t nei Noard-Dútslân ta wolle. Ek foar de haven fan Harns kin dat in opstekker wêze, mear minsken of bedriuwen dy’t dêr flugger komme kinne. Ek in fluggere ferbining kin it wêze tusken de ferskillende Fryslannen mei mear kultuer-útwikseling. Sels foar Friezen dy’t fleane wolle fan ôf de fleanfjilden fan Bremen of Hamburch kin it in foardiel wêze. Om dy winsk te realisearjen moat der wol flink wat mear barre oan it spoar. It hoecht ek net yn ien kear te barren, want it sil in slompe fol jild kostje. It is in winsk op termyn, sa moatte jo dat sjen fansels.

Miskien wol op wetterstof
Dus mei regelmjittige stapkes it opbouwe. It spoar wurdt op dit stuit al ferdûbele op stikjes fan it trajekt tusken Grins en Ljouwert en ek is it bedoeling dat it ferfier duorsumer wurdt. De batterij-trein stiet yn de planning. Miskien sels wol in wetterstof-trein. Mar ik wol fierder gean. Dat is myn fantasy, kinst wol sizze myn winsk. Ik wol it leafst in dûbeld spoar op it hiele spoar trajekt tusken Harns en Hamburch en it leafst dan ek noch yn de takomst kompleet elektrifisearre. Dat soe it moaist wêze en hiel duorsum.Dan is it in komplete en in hiel flugge ferbining wurden, dy’t ek hiel goed konkurrearje kin mei oare transport-mooglikheden. De reistiid is dan flink ferkoarte tusken Fryslân en Noard-Dútslân. Neam it dan mar foar myn part:  de "wunderlike dream-line” of it wûnder fan de dream-line Harns-Hamburch.

Rein van der Wal, is kandidaat Steatlid mei nûmer 6 op de FNP-list












Tags: bloch, ferfier yn fryslan

MEAR OER DIT ÛNDERWURP




2019 FNP Fryslân - Disclaimer