27 August 2024

De FNP-Steatefraksje siket op koarte termyn in betûfte en entûsjaste meiwurker. Wolsto in boeiende baan yn in dynamyske wurkomjouwing, bist ynteressearre yn de Fryske, Nederlânske en Europeeske polityk en hast boppedat in Frysk hert? Dan is dit mooglik wol de baan foar dy! De FNP hat op dit stuit 4 sitten yn it Fryske Parlemint en is derneist ek wakker aktyf bûten it provinsjehûs.


Op moandei begjinne do en dyn kollega mei in bakje kofje en nimme de wike troch. De fraksje kriget de stikken foar de gearkomste fan it wyklikse fraksje-oerlis op tiisdei. Dêr wurdt de strategy yn de fraksje útset. Do en dyn kollega riede inisjativen ta, wêrmei’t de fraksje it belied fan de provinsje besiket te stjoeren. Fia in parseberjocht en de sosjale media wurde ús ynwenners dêrfan op de hichte brocht. Op de moanlikse gearkomste fan Provinsjale Steaten sjochst do dat it allegear yn de praktyk brocht wurdt.

Njonken it boppesteande bestiet ek de mooglikheid dat de funksje útwreide wurdt mei wurksumheden foar de folsleine FNP organisaasje. Tink hjirby oan û.o. de (online) kommunikaasje en de ûntwikkeling en fuortsterking fan de partij.

Dyn taken en ferantwurdlikheden:


Funksje-easken:


De funksje beslacht 24 oeren wyks (salarisyndikaasje € 2100 smoarch yn ‘e moanne by in tsjinstferbân fan 24 oeren wyks). De oanstelling is ynearsten foar in jier, mei de yntinsje fan fêst dêrnei, en in proeftiid fan ien moanne. Wy biede in pensjoenregeling en reiskostefergoeding oan.


Proseduere:

Sprekt boppesteande baan dy oan, dan sjogge we dyn sollisitaasjebrief en CV graach foar moandei 16 septimber yn ‘e mjitte fia it e-mailadres fnp@fryslan.frl. De sollisitaasjepetearen fine plak ein septimber.

Foar fragen kin kontakt opnommen wurde mei Gerben van der Mei 06-15480047.
Ynhâldlike fragen kinne steld wurde oan beliedsmeiwurker Frank de Boer, 06-51699853.

FNP – Fakatuere A4Downloaden


Tags: