50 jier lyn besleat in hantsjefol befleine minsken dat it tiid wie foar in fris, nij lûd yn de gemeente Achtkarspelen. Dat it tiid waard om de stim fan de gewoane man en frou hearre te litten. Dat der belied makke wurde moast mei each foar it eigene fan de Wâldtsjers en mei respekt foar har taal en histoarje. Frysk, blinder! Wat begûn as in ienmansfraksje, de lús yn de pels fan de Ried, groeide út ta in pylder yn it kolleezje. Wêr’t it Frysk yn earsten ferspijd waard as ûnhoflik, is it hjoed-de-dei de gewoanste saak fan de wrâld. Elk mei wêze sa’t er is en elkenien telt mei. Der is hurd skrept om te kommen wêr’t we no steane. It wurk is net dien, der is noch altyd in soad om foar te fjochtsjen. Mei help fan ús leden, ús freonen, ús minsken, is it fjoer nea dôve. It is mei grutskens en tankberens dat we jo útnûgje om mei ús op feestlike wize stil te stean by 50 jier bodzjen foar de FNP Achtkarspelen.
Middeis nimme ús bodders fan doe en no jo, op har eigen wize, mei yn de histoarje, de no tiid en de takomst fan de FNP Achtkarspelen. Ek is der in tentoanstelling mei allerhande moais fan ús partij, we kinne even byprate, we meie it park besjen en wa’t dat wol kin mei ús dielnimme oan it Wâldman buffet. Nei iten is der foar de leafhawwers in eigenmakke pubkwis.
Ús gastfrou moat witte wêr’t se oan ta is, dat we wolle graach dat jo jo opjouwe foar
1 septimber, by de ponghâlder fan it bestjoer:
Wiebe Buruma, w.buruma@knid.nl of +31 6 513 715 29.
Ite jo mei, dan € 25,- de man/frou oermeitsje op rekken NL64 RABO 0161 0410 19.
Hiel graach oant sjen! It bestjoer.