Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Wynturbines Nij Hiddum-Houw en Iselmar

Is it wynpark Nij Hiddum-Houw oerstallich no't it Wynpark Fryslân yn de Iselmar folle mear kapasiteit krijt?

Nij Hiddum Houw

Nij Hiddum Houw

Lykas al foarsein yn de foarige Frijbûtser hat it nimmen fan in beslút oer de njoggen grutte wynturbines fan 4 MegaWatt it stik by de kop fan de Ofslútdyk (Nij Hiddum Houw) mear tiid frege. Mei in amendemint yn juny fan FNP, CDA, SP, VVD en ChristenUnie  krige deputearre Kielstra (VVD) fjouwer wike de tiid foar in bettere útwurking fan it plan. It gong de partijen benammen om it werom kringen fan de lûdsoerlêst, legere tiphichten,  it monitoarjen fan eventuele sûnenseffekten en mear finansjele opbringsten foar de omwenners.

 

Yn de Steaten fan july is it plan úteinlik goedkard. FNP wurdfierder Klaas Fokkinga hat it noch klear krigen om op'e nij te sjen nei de hinderlike topferljochting fan de turbines. Ek is it slagge om de maksimale hichte noch fan 208 nei 188 werom te bringen. Lykwols, it bliuwe fansels allemachtich hege jûkels yn it Fryske lânskip. Sûnt de swier befochten moasje yn de ALG fan de FNP yn oktober 2014 hat de fraksje alle war dien om de mega-wynparken te beheinen ta de lokaasjes by de (kop-) Ofslútdyk. Fokkinga hat ta it lêste ta ek noch striden om alles yn de Iselmar (Wynpark Fryslân) te krijen mar krige dêr gjin stipe foar.

 

 

Alde mûnen opromje

Twa wike nei de beslútfoarming oer Nij Hiddum Houw die bliken dat it Wynpark Fryslân in kapasiteit fan 382 MegaWatt krijt yn stee fan de 312 MegaWatt dêr't earder praat fan wie. De besluten fan de Steaten fan 2014 binne ynhelle troch de tiid no't troch de technyske ûntwikkeling de kapasiteit fan de turbines safolle mear wurden is.  Nij Hiddum Houw hie dêr maklik by yn past. Dat fielt wrang foar de fraksje. Efterôf hie dat hiele ekstra wynpark op lân dus faaks net nedich west. Wy slute net út dat dit noch in polityk sturtsje krijt yn de Steaten.

 

Om te begjinnen hat Fokkinga begjin augustus skriftlike fragen steld oan it Kolleezje. Wy wolle witte op hokker datum it Kolleezje fan DS wist dat Wynpark Fryslân net 316 mar 382 MegaWatt wurde soe. Hoe ferdraacht him dat mei it beslút fan desimber 2014 dat Fryslân maksimaal 530,5 MegaWatt realisearje wol mar net mear? Fokkinga: ‘Om de omwenners fan Hiddum Houw yn'e mjitte te kommen binne minder hege turbines winsklik (149 m, minder fermogen, en sûnder topferljochting). Kin it meardere dat no realisearre wurdt yn de Iselmar, ek brûkt wurde om âlde turbines rûnom yn Fryslân op te romjen?' Der is yn 2014 in FNP-moasje oannommen foar sa'n sanearingsplan. De FNP wol hoe dan ek dat de besluten en beheiningen fan 2014 yn acht nommen wurde.



Downloads:
FNP fragen kapasiteit wynpark fryslân
Antwurd op FNP fragen kapasiteit wynpark fryslân


Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)