Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP: mear ynvestearrings troch Waadfûns

De FNP wol dat it Waadfûns alle jierren € 10 miljoen mear ynvestearret yn projekten. Dat om foar te kommen dat nei 2026 jild werom moat nei it Ryk.

Wadden

Op dit stuit is der in foarse reserve fan mear as € 100 miljoen en komt dêrneist alle jierren sawat € 29 miljoen yn it fûns fan it Ryk. Mar it fûns ferheget de útjeften de kommende jierren net en dat kin ynhâlde dat der yn 2027 € 80 miljoen oer is wat werom moat nei it Ryk. Dat betsjut dat it jild net ynvestearre wurdt yn de regio en projekten net trochgean kinne en dat wol de FNP perfoarst net.

  

Nijsgjirrige projekten

Neffens  de FNP binne der op dit stuit tal fan nijsgjirrige ynhâldlike en kwalitatyf goede projekten dy't op de planke lizze. Lykwols, troch ôfstimming en prosedueres duorret it frij lang foardat der begûn wurde kin. Dêrtroch wurde projekten útsteld en wurdt it jild dat dêrmei anneks is ek letter útjûn. Boppedat binne guon projekten goedkeaper as rûze of gean beskate projekten hielendal net troch. Dêrtroch is der no in enoarme reserve ûntstien.

 

Ekonomy en ekology

Om foar te kommen dat it jild wer nei de skatkiste fan it Ryk werom giet, sil de FNP kommende woansdei yn de Steaten mei in amendemint komme. Doel is om it ynvestearringsnivo mei sawat € 10 miljoen jiers omheech te bringen, sadat der oant en mei 2026 jierliks € 40 miljoen beskikber is foar projekten. Neffens FNP-Steatelid Sybren Posthumus ‘is dat goed foar ekonomy én ekology yn ús regio. Wurkgelegenheid, natoer en miljeu hawwe allegear belang by de ynvestearrings fan it Waadfûns'. 



Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)