Logo FNP

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

FNP Fryslân

Frysk | Nederlands | English

Lanlike regeljouwing sirkulêre ekonomy foar Fryslân oanpasse

Binne de lanlike regels foar de Fryske sirkulêre ekonomy te ferminderjen of te feroarjen foar bygelyks Skiermûntseach en oare eilannen? Hoe stiet it mei de lobby nei Den Haach om fan Fryslân in ‘sirkulêre proeftún' te meitsjen op it mêd fan sirkulêre ekonomy? Dat freget de FNP Steatefraksje har ôf en stelt hjir skriftlike fragen oer oan Deputearre Steaten.

Wurdfierder Sybren Posthumus wol graach witte oft it Regear of de Twadde Keamer ree is om mei te gean yn it oanpassen fan de regeljouwing opdat rinnende projekten oprjocht sirkulêr neamd wurde kinne. Sa'n projekt rint op dit stuit op Skiermûntseach; de ‘selspluktún'. Wannear dêr mear as it wetlik maksimum kompostearre wurdt dan wurdt de tún sjoen as in ôffalferwurkjend bedriuw, mei ekstra wet-en regeljouwing. Offal fan it eilân moat no noch nei it fêste lân brocht wurde. Wylst de kompost dy't nedich is foar de selspluktún wer fan de  fêste wâl komme moat.

 

Neffens Posthumus fan de FNP Steatefraksje soe it better wêze foar de sirkulêre ekonomy fan de eilannen en dus fan Fryslân om de regeljouwing permanint oan te passen. De FNP wol graach fan Deputearre Steaten witte oft der yn Den Haach neigien wurde kin oft dit mooglik is. En sa nee wat dan de tsjinarguminten binne wêrtroch it pleit fan Fryslân foar ‘wetjouwing op maat' foar de Fryske situaasje net honorearre wurdt.

 

Posthumus: "Sirkulêre oplossings op de eilannen binne ekstra nijsgjirrich, mei it each op de lange en dêrtroch djoerdere en minder miljeufreonlike transportbewegingen. Mei it feroarjen fan de regels kin sa in grutte sprong makke wurde nei in sirkulêre ekonomy op de eilannen en dêrmei foar hiel Fryslân."  



Downloads:
FNP skriftlike fragen sirkulêre ekonomy

Stypje ús Wurd lid

Kontakt mei de FNP:

It Partijhûs
Obrechtstrjitte 32
8916 EN Ljouwert

Antwurdnûmer 5034
8900 VB Ljouwert
058-2131422

fnphusfnp.frl

Ynlogge foar leden | ANBI

Kontakt mei de FNP:
It Partijhûs | Obrechtstrjitte 32 | 8916 EN Ljouwert | Antwurdnûmer 5034 | 8900 VB Ljouwert
058-2131422 | fnphusfnp.frl

© 2018 FNP | SkarWeb.frl (website) | Skelp (foarmjouwing)