16-04-2018 - FNP: Katalaanske politike finzenen frij Landshut (Beieren) - De FNP hat op it jierlikse kongres fan Europarlemintspartij EFA yn Landshut in resolúsje stipe tsjin it steatsgeweld en de repressy yn Spanje. Dat hâldt ûnder oare yn dat opholden wurde moat mei polityk basearre rjochtssaken, dat fûnemintele minskerjochten net mear skeind wurde, dat politike finzenen frijlitten wurde moatte en dat demokratysk keazen Katalaanske parlemintsleden wer frij nei harren lân ta reizgje kinne.
13-04-2018 - Stipe foar FNP-moasjes op EFA-kongres 2018 Landshut (Beieren) - De moasje fan de FNP foar mear bioferskaat en earlik lean foar de boeren yn it nije Europeesk lânboubelied is unanym oannommen. Dat barde op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP sille Europarlemintariërs fan de EFA no oan de slach.
06-04-2018 - FNP: bioferskaat yn nij Europeesk lânboubelied De FNP is fan miening dat yn it nije Europeesk lânboubelied (CAP) 2020 it bioferskaat yn de lânbou stimulearre wurde moat. De boeren moatte dêr in earlik ynkommen foar krije.
14-03-2018 - FNP mei 6 minsken nei EFA-kongres yn Beieren Op 13 en 14 april 2018 sil de FNP mei 6 minsken dielnimme oan it EFA-kongres yn Landshut (Beieren). Op dizze jierlikse saneamde General Assembly fan de Europeeske regionale partijen komme nei ferwachting hûnderten dielnimmers út tsientallen Europeeske regio's.
13-09-2017 - FNP sprekt NL-regear oan op referindum Kataloanje De Spaanske steat moat ophâlde mei it skeinen fan minskerjochten en fan it frustrearjen fan it demokratysk proses mei in referindum yn Kataloanje. De Steatefraksje fan de FNP hat dêroer in brief skreaun oan minister Koenders fan útlânske Saken.
28-03-2017 - FNP: gearwurkje oer de grinzen mei Friezen yn Dútslân In ‘Fryske jûn' yn Berlyn om de kulturele gearwurking fan de Friezen yn Nederlân en yn Dútslân foar it fuotljocht te bringen by de Dútske parlemintariërs.
22-03-2017 - FNP siket Europeeske stipe foar sluzen Koarnwertersân Op de Algemiene Ledegearkomste fan Europarlemintspartij EFA op freed 31 maart sil de FNP in moasje ynbringe om de kânsen op EU-subsydzje foar de sluzen fan Koarnwertersân te ferheegjen.
17-03-2017 - FNP-top nei kongres yn Katowice Fan 30 maart oant en mei 2 april sil de FNP mei 6 minsken dielnimme oan it EFA-kongres yn Katowice (Silezië, Poalen).